Friese Koers: gjin sloopwerf

10 apr 2012 - 20:33

De skipssloperij yn Harns moat opkeard wurde - dat fynt de ienmansfraksje Friese Koers yn provinsjale steaten. Jelle Hiemstra fan Friese Koers seit dat der ferbolgen is. Hy fynt it in skande dat de provinsje as mei-eigener fan de grûn belutsen is by de komst fan wat Hiemstra swier fersmoargjende yndustry neamt. Hiemstra tinkt dat Harns it ôffalputsje fan Fryslân wurdt. Hy freget it kolleezje de grûn net oan de sloopwerf te ferkeapjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)