Friese Boys nei advokaat om ried

22 nov 2005 - 14:52

Fuotbalklup Friese Boys fan Kollumersweach freget it oardiel fan in advokaat oer de fjochterij sneon by de wedstriid tsjin de Ljouwerter Sweltsjes. Dat is besletten op in gearkomste fan it bestjoer mei de belutsen spilers.

Neffens Friese Boys is in spiler fan de Sweltsjes begongen mei slaan. Neffens de Ljouwerters is dat krekt oarsom. De Boys binne fan betinken dat de skiedsrjochter net goed fluite hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)