Friesche Leeuw rêdt it net

12 sep 2010 - 21:18

De hurdfytsers fan de Friesche Leeuw setten snein yn Dalen goed útein mei it Nederlânsk kampioenskip foar klupteams. Yn de ploegetiidrit waard in kreas twadde plak helle achter De Jonge Renner fan Oosterhout.

Yn de klassiker oer 168 kilometer gong it gâns minder. De Ljouwerter feriening waard 20ste fan de 24. It einresultaat foar René en Niek Hooghiemster, Sierd Steigenga, Harry Sweering, Tjeerd van der Schaaf en Teake-Piet van der Werf wie in 11e plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)