'Friesche Bocht' moat soargje foar ekstra sfear yn Thialf

11 des 2015 - 17:25
  • De 'Friesche Bocht' yn iishal Thialf op It Hearrenfean

De 'Friesche Bocht' yn iisstadion Thialf is wer yn eare wersteld. De bocht is in earbetoan oan de Friezen dy't altyd foar in soad sfear soargje yn it stadion. Neffens Thialf direkteur Eelco Derks komt Thialf sa wer werom by de Friezen.

De KNSB is ek bliid mei de bocht. Mei spesjale aksjes en koartings wol it reedridersbûn derfoar soargje dat in soad Friezen de reedriders oanmoedigje kinne. De bocht wurdt net it eksklusive eigendom fan Friezen; besikers út oare provinsjes en lannen binne ek gewoan wolkom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)