Friesch Dagblad wol liening

13 apr 2013 - 12:33
  • Frysk Deiblêd

De leden fan de feriening Het Friesch Dagblad dogge in berop op it fûns Fryslân Boppe Oranjewâld om de krante in liening te jaan. Sa'n liening is nedich om de krante in takomst te jaan, sa meldt it FD sels.

It FD bedarre ferline jier yn de reade sifers fanwege legere advertinsje-ynkomsten. It is noch mar de fraach oft it Friesch Dagblad wol in liening krijt fan FB Oranjewoud, want dit fûns hat earder al sein gjin liening jaan te wollen oan it Friesch Dagblad. De direksje sil op fersyk fan de leden in nij petear oanfreegje.

Sûnder in liening fan FB Oranjewoud of oare partijen komt it fuortbestean fan it Friesch Dagblad yn gefaar. Hoefolle jild der nedich is, wol direkteur-haadredakteur Lútsen Kooistra net sizze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)