Fries wol him net ferbrekke

29 mrt 2012 - 12:21

Fries om útens Gabriël Faber mei him net yn it Frysk ferdigenje foar de kantonrjochter yn Deventer. Faber dy't no yn Ede wennet botste mei de kantonrjochter doe't er in parkearboete foarkomme liet. De rjochter fynt dat Faber gewoan Nederlânsk prate moat, mar hy wegeret dat om't er tinkt dat it neffens de wet mei. De kantonrjochter yn Deventer bestriidt dat. Dy stelt dat it allinnich yn Fryslân mei.

De saak is fierder gewoan ôfhannele. Oer twa wiken docht de rjochter útspraak oer de parkearboete fan 76 euro.

Neffens offisier fan justysje Oebele Brouwer hat Gabriël Faber gjin rjocht Frysk te praten yn de rjochtbank fan Deventer. Brouwer hat him yn it ferline sterk makke foar it brûken fan it Frysk yn de rjochtbank. Neffens Brouwer meie jo allinnich it Frysk brûke as je oannimlik meitsje kinne dat jo jesels yn it Nederlânsk net goed uterje kinne. Dat kin bygelyks by emosjonele saken lykas misbrûk. Spilet soks net dan mei de rjochter opdracht jaan Nederlânsk te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)