Fries by parasjuterekord

22 nov 2007 - 14:38
  • De diamantsprong (foto: ANP)

In groep fan hûndert parasjutespringers mei in Fries derby hat woansdei it wrâldrekord koepelformaasjespringen ferbrutsen. Dat wie yn de Amerikaanske steat Florida. Under de springers wie ek Herman Slot út Boyl.

De springers giene op goed fiif kilometer hichte út 'e fleantugen en foarmen mei-inoar in grutte diamant. It foarige rekord stie op 85 minsken. Dat waard twa jier ferlyn festige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)