Fries pakt by mega-xtc-fangst

25 sep 2003 - 00:00

De plysje Fryslân hat meiwurke oan in grutte xtc-fangst yn Noard-Brabân. It giet om in partij pillen mei in strjitwearde fan 2,6 miljoen euro.

Seis manlju binne oanhâlden, ûnder wa in ynwenner (48) fan Ljouwert. Hy wurdt derfan fertocht mei in man út Den Haach it transport nei Ingelân regele te hawwen. De oare fjouwer manlju waarden oanhâlden doe't se yn Noard-Brabant de pillen yn in frachtauto laden. Under harren binne gjin Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)