Fries pakt foar mishanneling

11 jan 2014 - 16:11

De plysje yn Zwolle hat freedtejûn in 20-jierrige man út de gemeente Kollumerlân oanhâlden. De man soe op it Stasjonsplein yn it plak in 77-jierrige man út Apeldoorn mishannele hawwe. Dy rûn dêrtroch ferwûnings op oan it gesicht. De ynwenner fan Kollumerlân naaide nei syn die út, mar koe flakby it plein oanhâlden wurde.

De plysje ûndersiket noch wat de oanlieding wie foar de mishanneling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)