Fries oppakt om fermiste frou

24 mrt 2009 - 11:53
  • Joanne Noordink wurdt sûnt 11 desimber fermist

De plysje fan Gelderlân hat moandei in man (49) út Eaststellingwerf oppakt omdat hy yn it besit wie fan guod fan de sûnt 11 desimber fermiste Joanne_Noordink út Aalten. De Stellingwerver is foar ferhoar oerbrocht nei Doetinchem. Hy bliuwt dêr foarearst fêstsitten. Syn hûs is troch de plysje trochsocht. De plysje beskôget de man as fertochte yn de fermissingssaak.

Ut it wenhûs fan Noordink (27) mist, in gsm, in laptop en sieraden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)