Fries as opfolger fan Verhagen

07 okt 2010 - 22:46

Ald-Warkumer en CDA Twadde Keamerlid Sybrand van Haersma Buma wurdt neamd as mooglik opfolger fan fraksjelieder Maxime Verhagen. Van Haersma Buma is sûnt 2007 fraksjesekretaris fan it CDA en sit yn it presidium fan de Twadde Keamer. Syn namme waard de ôfrûne dagen ek al neamd as mooglik kandidaat foar in post as minister of steatssekretaris.

Kommende tiisdei beslút de fraksje hoe't de kabinetsposten ferdield wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)