Fries om utens ûndersiket striid foar de Fryske taal

12 apr 2016 - 18:26

De diskusje oer de Fryske taal en de Omrop is aktueel. Sa aktueel sels dat der yn Noarwegen ûndersyk nei dien wurdt. Studint Lieuwe Jan Hettema studearret Indigeneous Journalistyk yn Kautokeino yn it uterste noarden fan Noarwegen. Dat betsjut yn it koart dat er sjoernalistyk fan minderheden studearret.

As echte Fries koe it dan ek net oars as dat er foar syn ôfstudearjen de Omrop en de striid foar de Fryske taal as ûnderwerp foar syn skripsje keas.

Syn stúdzjegenoaten hawwe ek ynteresse yn de diskusje, sy hawwe foar in grut part sels ek in achtergrûn yn gebieten mei in minderheidstaal. It ûndersyk fan Hettema moat yn novimber klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)