Fries Museum nominearre foar 'BankGiro Loterij Museumprijs'

10 mrt 2015 - 09:49
  • It Fries Museum yn Ljouwert

It Fries Museum in Ljouwert is nominearre foar de 'BankGiro Loterij Museumprijs 2015'. It Fries Museum krijt al sûnt 2008 jierliks twa ton stipe fan de BankGiro Loterij. Fan 2016 ôf hâldt dizze jierlikse bydrage op.

Publyk kin fia ynternet stimme op it museum dat op de moaiste wize streek- en stedsskiednis presintearret. Oare kandidaten foar de priis fan 100.000 euro binne it Amsterdams Museum en it Zeeuws Museum. Op de webside www.museumprijs.nl kin oant en mei 12 april stimd wurde. Op 16 april wurdt de winner bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)