Fries Museum nimt ôfskied fan direkteur Saskia Bak

22 maaie 2015 - 18:57

Yn it Fries Museum yn Ljouwert is freedtemiddei ôfskied naam fan direkteur Saskia Bak. Se wurdt direkteur fan Museum Arnhem. Bak waard yn 2009 direkteur fan it Fries Museum. Dêrfoar wie se al direksjelid. Earst fan it Fries Museum, letter ek fan Keramykmuseum Princessehof. Tal fan sprekkers namen ôfskied fan Bak.

Op de resepsje wie foar it earst it skilderij 'Entrance to a Roman Theatre' út 1866 fan de Fryske skilder Sir Lawrence Alma-Tadema te sjen. It museum hat it topstik kocht foar 1,8 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)