Fries Museum mei 'goudene auto' by Fryske basisskoallen del

03 sep 2015 - 17:17

It Fries Museum sil de kommende moannen mei in goudene auto by Fryske basisskoallen del. In museumdosint is mei de auto op 'en paad foar in ûnderwiisprojekt oer in eksposysje oer gouden munten en sieraden dy't yn terpen fûn binne. Hy hat in skatkiste by him mei allerhanne archeologyske fynsten om se oan de bern sjen te litten.

It doel is dat de bern letter ek nei it museum komme foar de tentoanstelling. De 'goudene auto' foar de skoalbesites wurdt beskikber steld troch in autobedriuw út Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)