Fries Museum krijt wer jild

03 des 2007 - 16:59

It Fries Museum yn Ljouwert hat op 'e nij 75.000 euro krigen fan de Mondriaan Stichting. Twa jier lyn wie dat ek it gefal. It jild is bedoeld foar de oankeap fan byldzjende keunst út de 20e en 21e ieu.

It beheinde budzjet fan de oankeapregeling by it Fries Museum, de kwaliteit en de kolleksje hawwe de trochslach jûn foar op 'e nij in bydrage fan de Mondriaan Stichting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)