Fries Museum keapet Alma Tadema

30 mrt 2005 - 17:34

It Fries museum hat it skilderij 'Amo te ama me' fan de 19e ieuske keunstskilder Alma Tadema kocht. It giet om ien fan de djoerste oankeapen fan it museum. Hoefolle der krekt foar betelle is, wol it museum net sizze.

Alma Tadema waard yn 1836 berne yn Dronryp. Hy wenne in grut diel fan syn libben yn Ingelân. Alma Tadema wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske keunstskilders. Hy makke it skilderij op it hichtepunt fan syn karrière.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)