Fries Museum hat grutte tentoanstelling oer breidzjen

14 okt 2015 - 12:42

Dizze dagen wurdt de lêste hân lein oan de ynrjochting fan de tentoanstelling Breien! dy't kommende sneon iepene wurdt yn it Fries Museum. Yn de útstalling wurdt in oersjoch jûn fan it hantwurk fan doe en no, histoaryske stikken yn lytse kykkastjes en modern design fan keunstners en ûntwerpers.

Der binne âlde Skandinavyske patroanen te sjen. Ien fan de stikken is bygelyks in trui fan de Faeröer eilannen dy't aktrise Sofie Gråbøl (Sarah Lund) oanhie yn de searje The Killing. Under oaren troch dizze TV-searje is breidzjen wer populêr wurden.

Oare topstikken binne Fryske floddermûtsen, antike mofkes en jierren-80 truien. Ek is der in breide ferzy fan sjonger Syb van der Ploeg

Der wurdt ek in breidkafee ynrjochte dêr't jo mei oaren gesellich breidzje kinne. De tentoanstelling Breien! is oant en mei 28 augustus 2016 te sjen yn it Fries Museum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)