Fries komt om yn Eastenryk

27 jan 2009 - 11:04

By in ferkearsûngelok yn Eastenryk is in 40-jierrige man út Drachten om it libben kaam. It slachtoffer botste sneontemoarn betiid by Saalfelden frontaal op in tsjinlizzer. De Drachtster rekke swier ferwûne en is letter yn in sikehûs yn Salzburg ferstoarn.

Syn frou en berntsje fan trije jier rekken ek ferwûne. Sy lizze noch yn it sikehûs. De bestjoerder fan de oare auto en syn ynsittende rûnen ek ferwûnings op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)