Fries komt om op racesirkwy

29 jul 2010 - 20:22

In 51-jierrige man út Jistrum is tongersdeitemiddei ferûngelokke op it sirkwy fan Zandvoort. De auto dêr't de man yn ried is troch noch ûnbekende oarsaak yn brân flein. De man die mei oan in saneamde 'experience-day', minsken kinne dan yn de kunde komme mei de racesport.

De helptsjinsten koene de man net mear rêde en hy is dan ek op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)