Fries knalt op gevel yn Grins

18 feb 2013 - 11:39

De plysje fan Grins hat sneintejûn in 36-jierrige Ljouwerter oppakt, omdat er mei de auto tsjin de gevel fan in hûs oanriden wie. Hy wie de macht oer it stjoer kwytrekke.

Tsjûgen seagen dat de ynsittenden fan de auto nei de botsing losrekke ûnderdielen fan de auto ynladen en dat de auto dêrnei wer fuortried. Plysjes seagen de auto dêrnei yn de stêd stean. Allinnich de Ljouwerter siet der noch yn. By him is in bloedproef ôfnaam, omdat it fermoeden bestiet dat er drugs brûkt hat. Hy is fêstset op it plysjeburo om heard te wurden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)