Fries by kickboksdrama

12 nov 2012 - 15:14
  • Kickboskring Mejiro Gym yn Ljouwert

Stefan Berkenpas fan Mejiro Gym yn Ljouwert hat it kickboksdrama fan snein yn it Brabânske Zijtaart fan tichtby meimakke. Hy wie dêr as begelieder fan kickboksers. By it lytsskalich gala yn Zijtaart waard ien man deasketten en foelen ferskate ferwûnen. Eigener Berkenpas fan sportskoalle Mejira Gym siet op dat stuit yn 'e klaaikeamer.

De sjitterij soe ûntstien wêze troch rûzje tusken twa groepen yn it publyk. De plysje hat oant no ta fjouwer minsken oanhâlden.

De sjitterij docht it imago fan it kickboksen gjin goed. Nei de rjochtsaak tsjin Badr Hari, dy 't yn de Amsterdam Arena in sakeman mishannele hawwe soe, komt it kickboksen no binnen in moanne opnij min yn it nijs. In lytse ramp foar de sport, fynt Stefan Berkenpas.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)