Fries hat eigen fleansjarterbedriuw op Eelde foar sakelju

14 apr 2016 - 22:02
  • Sjoerd Jan van Klaarbergen
  • Van Klaarbergen foar syn Winged Dutchman
  • De Winged Dutchman op Fleanfjild Eelde

Nei jierren fan training kin Sjoerd Jan van Klaarbergen fan Jutryp no fleane mei syn eigen sjarterfleantúch. Op fleanfjild Eelde presintearre er tongersdei syn eigen twamotoarige masine. Dêrmei kin er yn hiel Europa ûndernimmers op de bestimming bringe dêr't se mar hinne wolle.

Van Klaarbergen is, nei eigen sizzen, de earste Fries mei in sjartermaatskippij. Hy is sûnt 2000 piloat. No hat er de papieren om troch hiel Europa te fleanen. Hy brûkte earst fleantugen fan oaren, mar hat no syn eigen Winged Dutchman.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)