Fries hat djoere domeinnamme

03 jun 2004 - 00:00

De 22-jierrige Johan Hamstra fan Drachten kin ryk wurde, mar brûkt dy kâns net. Hy liet de ynternet domeinnamme JKRowling.nl registrearje. De skriuwster fan de populêre Harry Potter-boeken sels benadere him om de namme wer werom te krijen.

Hamstra soe in soad jild freegje kinne. Yn pleats dêrfan wol er graach inkele sinjearre Harry Potter-boeken ha fan de skriuwster. Rowling moat noch reagearje op dat foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)