Fries hat 4,4 bunder nedich

02 okt 2009 - 14:41
  • In Fries hat 4,4 bunder grûn nedich

In Fries hat yn trochsneed 4,4 bunder grûn nedich om syn manier fan libjen folhâlde te kinnen. Dat hat de Fryske Miljeufederaasje útrekkene. Mei dy saneamde ekologyske foetprint sit Fryslân op it lanlike trochsneed. Hoefolle romte ien nedich hat, hinget ûnder oare ôf fan wat ien konsumearret. Dan giet it ûnder oare om it ferbrûk fan enerzjy en grûnstoffen. Yn trochsneed is der foar elkenien op de wrâld 1,8 bunder grûn beskikber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)