Fries folge yn 'Man bijt hond'

07 apr 2009 - 12:04
  • Geiteboer Frâns Zwaagstra
  • Zwaagstra yn syn klinte

It NCRV-programma 'Man bijt hond' folget de kommende wiken op 'e nij in Fries. It giet om geiteboer Frâns Zwaagstra (43). Dy wennet yn in houten skuorre op it hiem fan syn âlden en libbet dêr as wie it yn 'e midsieuwen.

Frâns Zwaagstra is fan 15 april oant en mei 7 maaie te sjen yn 'Man bijt hond'. Earder joech dat programma omtinken oan de bruorren Jan en Auke Visser út Ljouwert. Zwaagstra is ek by Omrop Fryslân te sjen yn it programma 'Minsken'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)