Fries ferwûne by sjitpartij

22 feb 2012 - 06:12

In ynwenner (54) fan De Gordyk is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in sjitpartij yn De Like. De man waard troch de plysje nei in melding fûn yn in wenning oan de Jonkerslaan. Wat der krekt gebeurd is, wit de plysje noch net. De bewenster (48) wie ek yn it hûs, sy rekke net ferwûne.

De ynwenner fan De Gordyk is nei it sikehûs brocht, hy wie wol oansprekber doe't er fûn waard. De plysje is fuort nei de fynst begûn mei in spoare-ûndersyk, ek wurdt der in buertûndersyk dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)