Fries efter skermen yn Sotsji

10 feb 2014 - 13:48
  • Roelof de Vries docht ferslach fanút Sotsji

Sawol foar as efter de skermen is Fryslân fertsjintwurdige yn Sotsji. By de Olympyske Spelen draait it fansels allegear om topsport, mar al dy sporten moatte ek yn byld brocht wurde. Ien fan 'e minsken dy't dêr ferantwurdlik foar is, is Eric Pronk út Frjentsjer.

Hy is operasjoneel produksjelieder en hâldt him dwaande mei in soad ferskillende taken op tillevyzjegebiet. As it no giet om it ferwikseljen fan in kameralins of kollega's harren hotel oanwize, Pronk docht it allegear. Ferslachjouwer Roelof de Vries gie in dei mei Pronk mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)