Fries bûnscoach by Hânbôgebûn

16 des 2002 - 00:00

Peter Nieuwenhuis fan Aldehaske wurdt de nije bûnscoach by it Nederlânske Hânbôge Bûn. De 51-jierrige âld-hurdfytser sil de Olympyske Kearnploech begeliede.

Nieuwenhuis hat sels as hurdfytser twa kear meidien oan de Olympiade (yn 1972 en 1976). Fierder hat er jierrenlang wurke as bûnscoach en teammanager by de de Keninklike Nederlânske Hurdfytsuny. Op dit stuit wurket Nieuwenhuis by de sportkoepel NOC/NSF

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)