Fries belutsen by slim ûngelok

08 mrt 2013 - 09:58
  • Ambulânse

In 31-jierrige frachtweinsjauffeur út de gemeente It Bilt hat tongersdei yn it Drintse Ruinen in frou fan 92 jier oanriden mei deadlike ôfrin. Hy helle de frou yn dy't oan it fytsen wie. Dêrby is se nei alle gedachten nei links riden en ûnder de oanhinger telâne kaam.

De frou út Ruinen is op it plak fan it ûngelok ferstoarn oan har ferwûnings. De plysje ûndersiket it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)