Jorritsma amtner fan it jier

23 jan 2014 - 20:45

Wybren Jorritsma fan Wommels is útroppen ta jonge amtner fan it jier. Jorritsma moast it yn de lanlike finale yn Utert opnimme tsjin trije oare jonge amtners út hiel Nederlân. Nei presintaasjes en sels makke fideofilmkes oer harren wurk hat in sjuery úteinliks in winner útkeazen.

Jorritsma wurket sûnt septimber 2012 as trainee by de provinsje Fryslân. De útferkiezing fan jonge amtner fan it jier is in inisjatyf fan Futur, in lanlik netwurk fan jonge amtners.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)