Fries 9 oeren yn Russyske sel

17 nov 2011 - 13:03

Sjoernalist en âld-reedrider Harm van der Pal is wer thús út Ruslân. Van der Pal reizge dizze wike mei de TVM-reedrydploech ôf nei de stêd Chelyabinsk foar de wrâldbekerwedstriden fan dit wykein. Mar by de Russyske grins waard hy oanhâlden omdat syn fisum net yn oarder wie. Op dat fisum stie 17 novimber as ynreisdatum. Mar Van der Pal wie der in dei earder. En dêrom is er it lân útset.

Van der Pal hat njoggen oeren yn de sel sitten. Al dy tiid krige er gjin iten en drinken. Hy dronk út de WC-pot om it fol te hâlden. Van der Pal sjocht dêr frij lakonyk op werom: "Ik hie sels wat better oplette moatten. Mar se hiene my yndied wol wer better behannelje kinnen yn de sel."

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)