Freulekeatspartij úteinset

06 aug 2014 - 10:12
  • It stânbyld fan de Freule yn Wommels

Mei de tradisjonele krânslizzing by it stânbyld fan de Freule yn Wommels is woansdei wer de lyknammige keatspartij fan start gien. 'De Freule' is de wichtichste keatspartij foar jonges fan 14 oant 16 jier. Der dogge fyftich partueren oan mei. Dat binne ôfdielingspartueren fan it KNKB.

Freule Clara Jacoba Freule de Vos van Steenwijk stelde yn it jier 1902 jild beskikber foar in jierlikse keatspartij foar jonges yn Wommels. De Freulekeatspartij bestiet 112 jier, mar yn de Twadde Wrâldoarloch is er trije kear net hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)