Freule yn Wommels begûn

09 aug 2006 - 15:07

Woansdeitemoarn is yn Wommels de Freule út ein set, de belangrykste keatswedstriid foar jonges fan 14-16 jier. Inkele fan de favoriten binne al sneuvele yn de earste omloop. Sa moast Frjentsjer mei 5-5 en 6-6 belies jaan tsjin Sint Anne.

Easterlittens, snein noch de winner fan de generale yn Frjentsjer, ferlear fan Hartwert. Wommels en Berltsum hiene net folle problemen om de twadde list te berikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)