Freule om 13.00 oere op tv

08 aug 2012 - 10:03
  • It haadfjild fan de Freulepartij yn Wommels

Woansdei 8 augustus is it de dei fan de Freule yn Wommels. Dy keatspartij, foar jonges tusken 14 en 16 jier, is live te folgjen op Omrop Fryslân Radio, Televyzje en Omroplive.nl. Fan 13.00 oere ôf is de Freulepartij foar it earst live te folgjen op Omrop Fryslân televyzje en op ús temakanaal Omroplive.nl. De Freule wurdt live útstjoerd oant en mei de finale. Yn Hjoed ek in sfearreportaazje oer dizze dei en alles dat der op en om it keatsfjild hinne bart. Woansdeitejûn om 22.20 bringt Omrop Fryslân in kompilaasje fan de Freuledei.

De list fan de Freulepartij 2012:

1.Gaast-Ferwâlde tsjin 2.Berltsum
3.Eanjum tsjin 4.Nijewier-Mitselwier
5.Winsum tsjin 6.Gytsjerk
7.Minnertsgea tsjin 8.Weidum
9.Frjentsjer tsjin 10.Koarnwert
11.Marsum tsjin 12.Jelsum-Koarnjum
13.Sint Anne tsjin 14.Wommels
15.Hurdegaryp tsjin 16.Deinum
17.Menaam tsjin 18.Dronryp
19.Harns tsjin 20.Lollum-Waaksens
21.Eksmoarre tsjin 22.Bitgum
23.Wjelsryp tsjin Hijum-Feinsum
25.Broeksterwâld tsjin 26.Folsgeare
27.Jorwert tsjin 28.Sint Jabik
29.Easterlittens tsjin 30.Wytmarsum
31.Tsjom tsjin 32.Tsjummearum
33.Easterein tsjin 34.Boalsert
35.Hantum tsjin 36.Drylts
37.Arum tjsin 38.Holwert
39.Alde Leie tsjin 40.Raerd
41.Stiens tsjin 42.Siesbierrum-Pitersbierrum
43.Ysbrechtum tsjin 44.Makkum
45.Lekkum tsjin 46.Penjum
47.Itens tsjin 48.Grou


Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)