Freugdeleas akkoart oer plysje

12 sep 2009 - 12:52

De boargemasters dy't de lieding ha oer de regionale plysjekorpsen ha in akkoart sletten mei it kabinet oer de besunigings by de plysje. Lanlik moat der 190 miljoen euro besunige wurde oant 2014.

De besunigingsplannen komme op in momint dat de plysje Fryslân al yn swier finansjeel waar sit. Sa moatte guon plysjeburo's sletten wurde, omdat de plysje mei in tekoart kampt. De Fryske boargemasters neamde it dan ek in freugdeleas akkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)