Freshness lûkt 800 man

29 maaie 2010 - 11:54
  • De website fan it Freshnessfestival

De twadde edysje fan it alkoholfrije jongereinfestival Freshness wie freed yn Bûtenpost in grut súkses. It festival yn de iepenloft luts sa'n achthûndert besikers en dat wiene der inkelde hûnderten mear as yn 2009.

Der koe ûnder oare gebrûk makke wurde fan in bungeetrampoline, in lúkse gamekompjûter en in pannakoai. En der wiene tal fan optredens. It festival waard organisearre troch jongerein út de gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)