Freonskipsbân It Amelân-Fanø

01 des 2009 - 14:29

It Amelân slút in freonskipsbân mei it Deenske Waadeilân Fanø. De beide eilannen sille gearwurkje op it mêd fan ûnderwiis, keunst en duorsumens. Ek soe personiel útwiksele wurde kinne.

It Amelân tinkt yn oparbeidzjen mei Fanø ek makliker subsydzjes út Brussel loskrije te kinnen. De gemeente hat noch gjin jild útlutsen foar de freonskipsbân. Dat bart pas as de konkrete projekten op tafel komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)