Freonskipsbân Amelân en Kleve

03 jul 2014 - 16:06
  • Gemeente It Amelân

De gemeente It Amelân hat de besteande freonskipsbân mei de Dútske stêd Kleve offisjeel fêstlein. Boargemaster Albert de Hoop fan It Amelân en syn kollega Theodor Brauer út Kleve hawwe dêr tongersdei in konvenant foar ûndertekene. Al mear as in ieu binne der al kontakten tusken it Waadeilân en Kleve.

Begjin 1900 kamen der foar it earst bern út Kleve op fakânsje nei It Amelân. Troch de ûnstiene freonskip offisjeel by de EU oan te melden, bestiet de mooglikheid om foar guon projekten subsydzje te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)