Freonen fan Omrop Fryslân stjoere brânbrief nei Keamer

05 okt 2015 - 22:30
  • Omrop Fryslân

De Freonen fan Omrop Fryslân hawwe út namme fan ferskate organisaasjes in brânbrief nei alle Twadde Keamerfraksjes stjoerd. Yn it brief wurde de Haachske fraksjes frege omtinken te hawwen foar de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân, en om tongersdei gjin besluten te nimmen dy't letter net mear werom te draaien binne. Tongersdei sil yn Den Haach praat wurde oer de nije Mediawet. Dêryn is it foarstel om alle trettjin regionale omroppen opgean te litten yn de RPO, ien nasjonale organisaasje.

Dat betsjut dat Omrop Fryslân syn selsstannigens en eigen lisinsje kwytrekket. En dat mei net barre, fine de Freonen fan Omrop Fryslân, it Europeesk Buro foar Lytse Talen, de Ried fan de Fryske Beweging en de Fryske polityk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)