Freondinne mishannele

30 maaie 2013 - 11:28
  • Geweld

De plysje hat woansdeitemiddei op 'e Rottefalle in 64-jierrige man út Minnertsgea oanhâlden fanwege mishanneling. Hy soe syn 31-jierrige freondinne út it doarp yn it gesicht slein hawwe. Omstanners hellen it stel útelkoar. Dêrop bedrige de fertochte de minsken mei in gaspistoal, mar se koenen him dat ôfpakke.

De plysje hat it fjoerwapen yn beslach naam. Bliken die dat der losse flodders yn sieten. De fertochte is fêstset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)