Freon sikehûs yn slein

20 jun 2011 - 19:07

In 20-jierrige man út Seisbierrum is sneontenacht op Teksel troch in 24-jierrige freon út Tsjummearum it sikehûs yn slein. De beide mannen stiene foar in kafee oan de Doarpsstrjitte yn De Koog doe't se rûzje krigen. De 24-jierrige man sloech syn maat sa hurd, dat dy út de tiid rekke.

It slachtoffer is mei de traumahelikopter nei it VU-sikehûs yn Amsterdam brocht. Der die bliken dat er mooglik in skedelbasisfraktuer hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)