Freedsmerk werom op Saailân

05 okt 2012 - 11:03
  • Freedsmerk

De freedsmerk yn Ljouwert is werom op it Saailân. Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert hat de merk freed offisjeel wer iepene. Troch de ferbouwing fan in part fan it plein wie de merk tydlik fepleatst nei de Nijstêd en de Wurdumerdyk.

It Saailân is nij ynrjochte troch de bou fan in nij Frysk Museum en in winkelwand. Dêrtroch is minder pleinromte foar de merk oerbleaun. It âlde Saailân telde goed 100 ûndernimmers, dat oantal is sakke nei 61.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)