Freedsmerk net foar rjochter

23 okt 2008 - 10:22
  • Winkellju: gjin merk foar de doar

It koart pleit oer de ferpleatsing fan de freedsmerk fan it Saailân nei de Nijstêd yn Ljouwert giet freed net troch. Neffens de rjochtbank is der gjin needsaak, omdat de ferpleatsing net per 31 oktober is, mar mei yngong fan 1 jannewaris. De saak wurdt oer seis wike behannele.

De ferhuzing fan ´e merk is nedich yn ferbân mei de werynrjochting fan it Saailân. De ûndernimmers oan ´e Nijsted ferwachtsje omsetferlies troch de komst fan de merkkeaplju.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)