Freed wurdt de earste strândei fan 2015

04 jun 2015 - 11:17
  • Freed wurdt de earste strândei fan dit jier

Freed is it safier! Dan krije we de earste echte strândei fan dit jier. De sinne is der folop by en de temperatuer rint op nei 25 oant 30 graden. Jûns kin der noch lang bûten sitten wurde, want de temperatueren bliuwe boppe de 24 graden. Neffens Pyt Paulusma krijt de dei op alle simmerpunten in 10: foar strân, barbecue en terras. Ien warskôging is der wol. Der moat goed en faak smard wurde want de krêft fan de sinne is grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)