Freed útslach blautonge Tersoal

24 aug 2006 - 14:36

It wurdt net earder as freed dúdlik oft by in skieppehâlder yn Tersoal echt sprake is fan blautonge. Dan wurdt de útslach fan it ûndersyk ferwachte. De boer tinkt sels dat syn skiep de sykte net ha. In earste test wiist dat ek út. Yn Ingelân wurdt in twadde test dien.

By de skieppehâlders is gjin sprake fan in needsituaasje. Fee-eksporteurs sitte wol yn de problemen, fanwege it eksporteferbod.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)