Freed koart pleit Twente

18 sep 2009 - 10:07

Foar de bestjoersrjochter yn Ljouwert tsjinnet freed it koart pleit fan de supportersferienings fan FC Twente tsjin de gemeente Hearrenfean. Ynset is de ferplichte buskomby foar de wedstryd fan snein yn it Abe Lenstrastadion.

De gemeente wol de supporters net mei eigen ferfier komme litte, fanwege ûngeregeldheden ferline jier. De Twentesupporters wolle net meiwurkje oan dy maatregel, se fine him oerdreaun.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)