Freed ien trein yn de oere

17 des 2009 - 19:23

Ferfiersmaatskippij Arriva begjint freed mei ien trein yn de oere op de trajekten yn Fryslân. Dan wurdt letter besjoen oft de tsjinstregeling wer normaal oppakt wurde kin.

It bedriuw liet tongersdei nei achten gjin treinen mear ride. It wie net mear ferantwurde, sei in wurdfierder fan de maatskippij. It treinferkear hie de hiele dei al in soad lêst fan it waar. Seinen en wiksels diene it net goed mear troch de snie en de froast.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)