Freed gjin rydbewizen te krijen

29 sep 2006 - 13:43

By de gemeentehuzen yn Fryslân binne freed gjin rydbewizen te krijen. Dat komt omdat der oeral testen dien wurde foar de ynfiering fan it nije rydbewiis.

It nije rydbewiis is in paske yn de foarm fan in creditkaart. Om fraude foar te kommen wurde de paskes op ien sintraal plak yn Nederlân makke. Dus net mear by de gemeentehuzen sels. Fia ynternet wurde de bewizen troch de amtner oanfrege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)