Freed feestlike huldiging foar iishockeyers UNIS Flyers

03 feb 2016 - 17:02
  • De iishockeyers fan UNIS Flyers

De iishockeyers en stêf fan de UNIS Flyers wurde freed foarôfgeand oan de thúswedstriid tsjin Dordrecht Lions huldige. Ofrûne wykein pakten de Flyers de beker. Yn de finale fersloegen de Feansters Geleen mei 4-1. It wie fjirtjin jier lyn dat de Flyers foar it lêst in priis pakten.

De gemeente Hearrenfean fûn it dêrom moai om de iishockeyers yn it sintsje te setten. De huldiging fynt foarôfgeand oan de kompetysjewedstriid plak, om't de Feansters net te let thús wêze meie.

Sneon stiet nammentlik opnij in wichtige wedstriid op it programma, yn en tsjin Amsterdam. Wol is der freed nei ôfrin fan de wedstriid noch in feest yn in tinte by Thialf. Dêr kinne fans mei de Flyers-spilers prate en op de foto.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)